Nij Scherjontsje foar froulju

02 jun 2014 - 12:21
  • Scherjon spesjaal foar froulju

Klompmakker Scherjon út Noardburgum hat spesjaal foar froulju in nije klomp ûntwikkele. De ûnderkant is lykas in gewoane klomp, mar de boppekant is iepen en hat trije learkes oer it krop. Jilles Scherjon is de betinker fan de moderne learkeklomp. Hy waard by it meitsjen fan de klomp ynspirearre troch de tradisjonele tripklomp, dêr't eartiids yn Fryslân in soad op rûn waard.

De klomp is te krijen yn de bekende klompkleuren, mar kin ek mei oare kleuren of mei eigen ûntwerp makke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)