Nij-Saailânplannen gean troch

23 apr 2008 - 21:24
  • it Saailân sil definityf op de skeppe

De gemeenteried fan Ljouwert is woansdeitejûn akkoart gien mei in ynvestearing fan 8,5 miljoen euro ekstra fan de Nij-Saailânplannen. In mearderheid yn de ried stimde foar.

It ekstra jild is bedoeld foar de bou fan de parkeargaraazje. De kosten falle heger út om't der ferkearde berekennings makke wienen. It tekoart wie 7,5 miljoen euro en der is nochris ien miljoen euro ekstra reservearre om takomstige tsjinfallers op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)