Nij Saailânplan kin goedkeaper

17 feb 2009 - 22:43

De gemeente Ljouwert hat in tafaller fan seker twa miljoen euro yn de kosten foar de bou fan it Nij Saailân. De bou wurdt definityf útfierd troch Bouwcombinatie Leeuwarden Centrum.

Dy boukombinaasje ferraste de gemeente mei in legere oannimsom foar de bou fan de parkearkelder. Ek de bou fan it winkelkompleks en it museum kinne goedkeaper. De gemeente hâldt de twa miljoen noch wol yn in risikopotsje. Dêrmei kinne mooglike takomstige ôffallers opfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)