'Nij Saailân te yngewikkeld'

05 jan 2008 - 15:40
  • De werynrjochting fan it Saailân: te yngewikkeld?

It projekt Nij Saailân is miskien wol te yngewikkeld foar Ljouwert. Dat sizze de riedsleden Piet van der Wal (PAL/GrienLinks) en Wyb Feddema(VVD). Beide binne net fernuvere dat it Fries Museum út it projekt stapt is. Se fûnen de planning earder al te krap.

It museum wol de konsekwinsjes fan it misrinnen fan in miljoenesubsydzje net drage. De oplevering fan it nije museum is te let om foar subsydzje yn 'e beneaming te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)