Nij: in rûne fleks-lisboksstâl

20 aug 2010 - 14:50
  • De rûne fleksstâl fan Simmer Housing

In stâl mei in soarte fan tintedoek as tek. Dy stiet yn Lippenhuzen by boer Gjalt Mulder. It is in flekshal-lisboksstâl. Yn Amearika binne se hiel gewoan, yn Nederlân is dit de earste.

De stâl is boud op de fûneminten fan de âlde stâl. Sa koe Mulder mei minder jild in gruttere stâl bouwe. Dat is ien fan de foardielen fan it konsept dat yn Nederlân ferkocht wurdt troch it Marrumer bedriuw Simmer Housing. Neffens dit bedriuw fine de kij it tige noflik yn de rûne fleks-stâl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)