Nij riedslid FNP Fryske Marren

28 okt 2014 - 06:51
  • Chris van Hes wurdt riedslid foar de FNP yn De Fryske Marren

De 22-jierrige Chris van Hes fan De Jouwer wurdt it nije riedslid foar de FNP-fraksje yn de gemeente De Fryske Marren. Hy nimt it plak yn fan Hendrik Boonstra, dy’t ophâlde moast. Van Hes is learkrêft yn it basisûnderwiis. Hy is op dit stuit bestjoerslid fan de FNP-ôfdieling De Fryske Marren. Dy funkjse leit hy del om him sa alhiel op it riedswurk rjochtsje te kinnen. Hy wurdt yn de riedsgearkomste fan desimber ynstallearre en is dan it jongste riedslid yn de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)