Nij revalidaasjesintrum iepene

04 jul 2007 - 23:24

Yn Dokkum is by sikehûs De Sionsberg it earste revalidaasjesintrum fan Noardeast-Fryslân iepene. It giet om in frij lyts sintrum dat op syn top goed 100 pasjinten yn it jier helpe kin. Oant no ta moasten pasjinten út de regio foar harren revalidaasje nei Ljouwert of nei It Hearrenfean. It nije sintrum moat foldwaande romte beide foar de hiele regio en ek noch in part fan Grinslân. It is it fyfde sintrum fan Revalidaasje Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)