Nij restauraasjefûns yn Ljouwert

28 feb 2006 - 17:12

Ljouwert stelt in restauraasjefûns yn foar gebouwen dy't gjin Ryksmonumint binne. Wethâlder Van Mourik hat in gearwurkingsoerienkomst tekene mei it Nasjonaal Restauraasjefûns. Ljouwert kin no tsjin lege rinte jild liene út it fûns.

De Fryske haadstêd hat rûchwei 500 byldbepalende gebouwen dy't ûnder it beskerme stedsgesicht falle. It restauraasjefûns Ljouwert krijt in startkapitaal fan fjouwer miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)