Nij rekord roei-alvestêdetocht

28 maaie 2006 - 17:30

De roei-alvestêdetocht hat dit jier in rekordtiid opsmiten. De ploech fan Zwolle, dy't ferline jier ek earste waard, kaam nei sechtjin oeren, 45 minuten en 57 tellen as earste oer de einstreek. Dêrmei wiene se fiif minuten rapper as it foarige rekord.

Roeiploech Wetterwille fan Ljouwert wie de earste Fryske dielnimmer dy't oer de finish kaam. Sy waarden njoggende. Meiinoar diene dit jier hûndert teams oan de wedstriid mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)