Nij rekord Domino?

05 nov 2002 - 00:00

Fjouwer miljoen stiennen moatte nije wike freed falle om in nij rekord te festigjen fan Domino. Yn it FEC yn Ljouwert binne hast hûndert bouwers al twa moannen konsintrearre dwaande. Se útfanhúzje yn fakânsjewenningen yn Grou. Guon dielnimmers komme út it bûtenlân.

Dizze wike wurde noch 600.000 stiennen delset: dat is 150.000 per dei. It rekord ferline jier wie 3,5 miljoen stiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)