Nij rekôr Thijsje Oenema

26 jan 2013 - 21:55
  • Thijsje Oenema

Thijsje Oenema hat op de earste 500 meter fan it wrâldkampioenskip sprint yn Salt Lake City in nij Nederlânsk rekôr op de 500 meter riden. De Jouster ried 37.38 goed foar it fjirde plak. It âlde rekôr stie op namme fan Andrea Nuyt (2002) en Margot Boer (ferline wike) mei 37.54. Boer ried no 37.63, goed foar it achtste plak. Marrit Leenstra waard 21e yn 38.23. De 500 meter waard wûn troch Jing Yu út Sina yn 37,21. Sang-Hwa Lee, de winneres fan alle 500 meters dit seizoen, waard no twadde yn 37.28. Topfavoryt Heather Richardson tredde yn 37.31.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)