Nij pr Sjoerd de Vries op 500

29 jan 2012 - 22:22
  • Sjoerd de Vries

Sjoerd de Vries hat nei in beroerde earste dei op it WK sprint revâns naam. Mei in nij persoanlik rekôr fan 35.01 op de 500 meter soarge hy derfoar dat er dochs de ôfslutende 1000 meter ride mei. Sneon waard De Vries 23e op de 500 yn 35.53 en 25e op de 1000 yn 1.09.45.

Stefan Groothuis (12e yn 34.74) en Hein Otterspeer (dield fiifde yn 34.48) ha noch kâns op in poadiumplak yn Calgary.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)