Nij PR Margot Boer op 500 m

10 nov 2013 - 14:33

Margot Boer hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Calgary har persoanlik rekôr oanskerpe op de 500 meter. Boer klokte in tiid fan 37.36, wat krekt net goed genôch wie foar in poadiumplak. De sprintster fan Goaiïngaryp einige as fjirde. De winst wie foar Sang-Hwa Lee dy't mei 36,74 in nij wrâldrekôr yn de boeken ried. It sulver gong nei de Dútse Jenny Wolf (37.18) en it brûns wie foar Beixing Wang (37.30).

Thijsje Oenema ried in tiid ûnder de 38 sekonden. Se sette de klok stil op 37.96, goed foar it trettjinde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)