Nij pr Kramer op heale maraton

18 okt 2010 - 09:04
  • Mariska Kramer (argyffoto)

Mariska Kramer hat snein yn Amearika in nij persoanlik rekôr rûn op de heale maraton. Yn Columbus yn de steat Ohio ferbettere de Drachtster atlete har eigen bêste tiid mei hast twa minuten oant 1.14.42. Dat is no ek it nije Fryske rekôr.

Yn de wedstriid waard Mariska Kramer twadde. De Amerikaanske Allison Grace wie 22 sekonden rapper. Kramer bliuwt yn Amearika foar in searje wedstriden mei as haaddoel de maraton fan Philadelphia op 21 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)