Nij portret Rembrandts Saskia

18 aug 2012 - 12:43
  • Saskia

Der is in nij portret opdûkt fan Saskia Uylenburgh. It is yn besit fan in Nederlânske partikulier dy't anonym bliuwe wol. Hy hat melding dien fan it skilderij by de Stichting Culturele Herdenkingen Fryslân fanwege de fiering fan it 400ste bertejier fan Rembrandts frou Saskia.

It portret is neffens eksperts skildere troch Rembrandt of syn learling Govert Flinck. De stifting wie net op de hichte fan it bestean fan it portret en is tige bliid dat de eigner har op de hichte steld hat fan it bestean fan it skilderij.

De eigner kocht it op paniel skildere wurk in pear jier lyn op in feiling yn Sweden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)