Nij polityk programma HOS-radio

28 okt 2001 - 00:00

HOS-radio set kommende tongersdei út ein mei in nij polityk programma ûnder de namme 'De Achterkamer'. It wurdt streekrjocht útstjoerd fan restaurant Paul Kruger op It Hearrenfean út.

HOS, de lokale omrop fan It Hearrenfean, wol mei it programma de bewenners fan de gemeente stimulearje om mei te praten oer gemeentlike politike saken. De earste gast is fraksjefoarsitter Duiker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)