Nij plysjeburo Wolvegea iepen

01 jul 2006 - 15:08

De nije plysjeburo's fan de plysje Fryslân smite in besparring op fan tonnen yn it jier. Dat sei korpssjef Foeke Wagenaar freed by de iepening fan it 15de nije plysjeburo fan 'e ôfrûne fiif jier yn Wolvegea.

Der binne noch sa'n fiif buro's te gean, dan is de húsfesting fan 'e Fryske plysje klear. De nije buro's smite jild op, omdat se goedkeaper binne yn de eksplwataazje: legere enerzjykosten en minder ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)