Nij plysjeburo Snits iepene

05 feb 2008 - 16:39
  • It nije plysjeburo yn Snits (foto: Jan Douwe Gorter)

It nije plysjeburo fan Snits en omkriten moat de service nei ynwenners ta de kommende jierren flink ferbetterje. It gebou is tiisdeitemiddei iepene troch de boargemasters Brok fan Snits en Reitsma fan Wymbritseradiel.

It nije gebou stiet oan de IJlsterkade, flakby it sintrum fan Snits en tichtby de útfalsdiken nei de Súdwesthoeke. Yn it gebou wurkje sa'n 100 plysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)