Nij plysjeburo oan râne St. Anne

20 maaie 2003 - 00:00

It nije plysjeburo fan Sint Anne komt oan de râne fan it doarp. Op dat plak, oan de Hemmemawei stiet de 'blauwe' pleats. Tweintich plysjes en fiif stedswachten krije plak yn it buro. Yn it âlde buro wie te min romte.

Eardere plannen om it nije buro yn it sintrum fan Sint Anne te bouwen waarden ôfkard troch de gemeente. Yn septimber begjint de bou. In jier letter moat it buro klear weze. De kosten wurde rûsd op 1,2 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)