Nij pleit Feddema foar tsjip

30 des 2005 - 11:17

Riedslid Feddema fan de VVD yn Ljouwert besiket opnij stipe te krijen foar syn plan om gefaarlike kriminelen ferplicht in tsjip te jaan, sadat se maklik te trasearjen binne.

Feddema kaam earder al mei dit idee, mar bringt it opnij ûnder it omtinken, no't freed útspraak dien wurdt yn it heger berop yn de saak Fetter. De haadfertochte yn de moardsaak hie al ferskate delikten op syn namme stean. Feddema neamt him in rinnende tiidbom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)