Nij platfoarm tsjin wynturbines

25 maaie 2004 - 00:00

Aksjegroepen tsjin wynturbines yn iepen lânskip sykje gearwurking. Goed fjirtich groepen ha it Nasjonaal Kritysk Platfoarm Wynenerzjy oprjochte. It platfoarm wol objektive ynformaasje jaan oer de neidielen fan it opwekken fan wynenerzjy mei grutte turbines en by politike partijen syn stânpunten dúdlik meitsje.

Der binne alve Fryske aksjegroepen belutsen by it platfoarm. Der sit de Stichting Gjin Romte Foar Wynhannel by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)