Nij plan foar Professoarebuert

26 jan 2005 - 12:04

Yn 'e Professoarebuert yn Frjentsjer wurdt mooglik dizze simmer al begûn mei in opknapbeurt. Gemeente en wenningstichting presintearren tiisdei nije plannen foar de wykferbettering. Earder soene 90 hier- en 20 keapwenten sloopt wurde, mar dat plan wiisden de bewenners ôf.

No wurde 56 hierwenten ôfbrutsen en 70 hier- en keapwenten boud. Oare hierwenten krije in opknapbeurt. Yn 2009 moat it wurk dien wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)