Nij plan foar Legewei Dokkum

20 sep 2004 - 16:52

Der komt in nij bouplan foar de Legewei yn Dokkum. Dat hat de gemeente Dongeradiel besletten, neidat bewenners fan de strjitte grutte beswieren makken tsjin it oarspronklike bouplan.

Yn it earste plan stie dat der in tal wenten boud wurde soene op it plak fan de sloopte garaazje Stellema oan de Legewei. It Kolleezje fan B en W en Hûs en Hiem wiene wol posityf oer it earste bouplan. It boubedriuw hie al in fergunning foar de bou krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)