Nij plan foar ambulânses

17 feb 2004 - 00:00

Ambulânses yn grutte plakken binne meikoarten 24 oeren deis paraat. Mei de nije maatregels en it ekstra jild fan it ryk is de provinsje tefreden. In lanlik plan dat foar it Noarden min útpakke soe, wurdt net ynfierd. Lytse posten binne aanst oant 23.00 oere beset. Dêrnei sliept it personiel op de ambulânsepost.

Soarchfersekerder De Friesland bliuwt skeptysk. It ryk soe der te min jild by dwaan om de plannen út te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)