Nij plak Voedselbank Burgum

01 mrt 2014 - 11:08
  • Nij plak Voedselbank Burgum
  • Nij plak Voedselbank Burgum

De Voedselbank yn Burgum ferhuzet sneon. It útdielplak giet fan de Oppedijk van Veenweg nei de Hannelswei ta. Dat is op it yndustryterrein. Meiwurkers fan de Voedselbank litte witte dat hieltyd mear gesinnen in berop op har dogge. Yn 2012 wiene der noch mar sa'n 10 gesinnen dy't gebrûk makken van de Voedselbank, mar yntusken binne dat der al 70. Op it âlde plak wie dêrom nei ferrin fan tiid te min romte. De nije lokaasje is ûngefear trije kear sa grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)