Nij plak Reade Krús H'fean

04 feb 2008 - 22:20

De frijwilligers fan it Reade Krús op it Hearrenfean hawwe foarearst wer in ûnderkommen. De gemeente Hearrenfean woe gjin fergunning mear ôfjaan foar it âlde gebou. De frijwilligers drigen dêrtroch op strjitte te kommen.

Nei lang sykjen kinne der no twa lokalen hierd wurde yn in nij te bouwen skoalle oan de Ds. Kingwei. De romten binne nedich om de 60 Feanster frijwilligers op te lieden yn helpferliening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)