Nij plak katamaran Snits

30 jul 2009 - 14:22

De katamaran fan liguster dy't ferline jier op de rotonde yn de Oppenhuzerwei yn Snits delset is, stiet tsjinwurdich op it Algemien Begraafplak yn de stêd.

De gemeente hat de yn foarm knipte strúk ferpleatst omdat er op de rotonde al in pear kear fernield wie. Snits hat de katamaran ferline jier krigen fan in Dútse kweker, dy't der tolve jier oer dien hat om de strúk sa te knippen. In meiwurker fan de sosjale wurkfoarsjenning hie it skip sjoen en de gemeente tipt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)