Nij plak foar Fryslân House

24 nov 2011 - 17:22

Fryslân yn Amsterdam hat in nije lokaasje krigen. De ûndernimmers binne ferhuze nei in gebou ticht by it sintraal stasjon. Op de boppeste ferdjipping hawwe se rûnom sicht oer de stêd. Yn 2004 iepene Kommissaris fan de kenininginne yn Fryslân Ed Nijpels it earste Fryslân House. Yntusken sitte der ek festigings yn Riga en New York. In Fryslân House húsfestet filialen fan Fryske bedriuwen. Se kinne sa makliker oan klanten komme yn de Rânestêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)