Nij pinksterliet skreaun

14 apr 2013 - 15:06

Margryt Poortsra is de skriuwster fan it nije pinksterliet dat fan 2015 ôf songen wurde moat yn alle Fryske tsjerken en parochys. De stifting Krúspunt hie de wedstriid foar in nij pinksterliet útskreaun omdat der net in soad Fryske pinksterlieten binne. Der binne 19 ferskes binnenkaam.

Doel wie in tekst te meitsjen dy't past by de tiid en de minsken fan no. It winnende liet ferhellet neffens de sjuery yn fiif kûpletten op byldzjende wize it ferhaal fan Pinkster.

Komponist Jan de Jong hat de meldij skreaun. Yn 2015 is it 100 jier lyn dat de earste Fryske preek dien waard. De sjuery wol dan graach dat it liet yn hiel Fryslân songen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)