Nij petear oer sluting Atoglas

11 mrt 2005 - 09:29

De fakbûnen en de direksje fan Atoglas yn Ljouwert sille freed op in geheime lokaasje prate oer it beëindigjen fan de staking by it keunstoffabryk. Dy staking duorret no al mear as twa wiken. Neffens de fakbûnen hat de direksje fan it haadkantoar yn Frankryk mear foech krigen om te ûnderhanneljen.

De direksje wol it fabryk yn Ljouwert slute en de produksje ferpleatse nei Frankryk. It personiel en de bûnen wolle dit keare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)