Nij partoer Taeke Triemstra

12 jun 2010 - 21:59
  • Taeke Triemstra (foto: Henk Bootsma)

Haadklasser Taeke Triemstra ferlit syn frije formaasjepartoer mei Rutmer van der Meer en Renze Pieter Hiemstra. Fan snein 27 juny ôf keatst Triemstra fierder yn in nije formaasje mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger. De foarynse fan dat partoer, Folkert van der Wei, wurdt achterynse by Rutmer van der Meer.

Sawol de formaasje fan Triemstra as fan Van der Bos keatst oant no ta teloarstellend. Dat is de reden dat de keatsers it no sykje yn nije maten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)