Nij parochysintrum Frjentsjer

30 jan 2011 - 13:28

Yn Frjentsjer is sneintemoarn it nije parochysintrum fan de Sint Fransiscusparochy ynsegene. Biskop De Korte hat dat dien. Yn de nije romte is plak foar sa'n 70 minsken.

De parochy wol it sintrum brûke foar gearkomsten fan de tsjerke. Ek oare organisaasjes meie der gebrûk fan meitsje. De parochy hopet mei de ferhier wat jild yn te heljen. De mis wurdt ek wolris yn it nije sintrum hâlden, om kosten foar de ferwaarming fan de tsjerke út te sparjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)