Nij parkearterrein Wâldsein

20 okt 2012 - 09:07

Yn Wâldsein is freed in parkearterrein iepene dat troch de ynwenners fan it doarp sels oanlein is. Mei it stik grûn fan Wenningstifting Elkien waard neat dien en it terrein drige te fertutearzjen.

Dêrneist hiene de ynwenners fan Wâldsein in soad ferlet fan mear parkearplakken yn it doarp en woene dêr net langer mei wachtsje. Se hawwe dêrom sels de hannen út de mouwen stutsen om it parkearterrein oan te lizzen. De oanlis fan it parkearterrein makket ûnderdiel út fan it projekt 'De buurt versterkt'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)