Nij pân foar beukers De Swetten

20 apr 2002 - 00:00

Basisskoalle De Swetten yn Drachten hat in nagelnij en miljeufreonlik gebou foar de beukers krigen. It is sneon iepene troch wethâlder Pultrum. Twa jier lyn baarnde it pân ôf.

De jonge bern moatte eins by de oare skoalbern yn ien gebou. It haadgebou is der lykwols te lyts foar. It nije pân is opfallend troch seis tuorren op it dak. Bern neame it al de ufo-skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)