Nij oerlis oer suvel-cao

14 apr 2010 - 09:48
  • Op dit suvelfabryk yn Gerkeskleaster is de reewilligens om aksje te fieren grut

De fakbûnen hawwe woansdei wer oerlis mei de suvelkorperaasjes oer in leansferheging. De fakbûnen wolle in leansferheging fan 1,25 prosint, mar de suvelkorporaasjes wolle net fierder gean as 0,4 prosint.

De suvelkorporaasjes hiene fan de fakbûnen in ultimatum krigen oant woansdei 12.00 oere om te reagearjen. Oars soene meiwurkers fan de suvelfabriken it wurk dellizze. As de partijen der net útkomme, kin dat der likegoed noch fan komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)