Nij oefenterrein brânwacht

28 maaie 2003 - 00:00

Der komt in grut oefenterrein foar de Fryske brânwacht by Drachten. It oefenterrein komt op in stik grûn dêr't earder in wenweinkamp siet. De korpsen fan alle gemeentlike brânwachten kinne der gebrûk fan meitsje.

Ek bedriuwsbrânwachten meie der oefenje, mar dy moatte der foar betelje. De brânwacht wie al lang op syk nei in stik grûn. Oant no ta waard der altiten oefene yn Zuidbroek yn Grinslân, mar dat is te fier fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)