Nij: NK duopealsitte yn Kollum

05 jul 2010 - 13:38
  • Byld fan de pealsitwedstriid fan ferline jier yn Kollum

Kollum hat al in tal jierren it Nederlânsk Kampioenskip pealsitten, mar komt dit jier mei wat nijs. Dit jier wurdt nammentlik it duopealsitten yntrodusearre. Der komt in spesjale konstruksje op de peal sadat der twa minsken op sitte kinne.

Neffens de organisaasje giet it hjir om in primeur. Der binne 7 peallen beskikber, dat der kinne 14 minsken meidwaan. Wa't de earste kamipoen duo-pealsitten wurde wol, kin him oanmelde by de organisaasje yn Kollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)