Nij Nederlânsk rekord Hamburger

27 aug 2006 - 12:04

Sjoerd Hamburger út Aldeberkeap hat sneon in nij Nederlânsk rekord roeid. Hy die dat yn de B-finale fan it WK yn it Ingelske Eton. Hy lei de 2 kilometer ôf yn 6.45,05. Dêrmei einige er yn it einklassemint fan it WK op it achtste plak.

De Nij-Seelanner Drysdale waard earste. Hy wie sawat tsien sekonden flugger as Hamburger en helle dêrmei ek in nij wrâldrekord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)