Nij Natuurmuseum net folslein ôf

24 maaie 2005 - 15:07

It fernijde Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is noch net wat it wêze moat. It museum is sûnt begjin april iepen en der hawwe al 30.000 besikers west. In soad belangstelling dus, mar der binne ek in soad klachten.

Der komme in soad opmerkings oer it feit dat it populêre 'Fryslân onder water' noch net klear is, mar ek oer de útstalling 'Fryslân boppe' hawwe de besikers in soad op te merken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)