Nij natuergebiet Feanwâlden

28 aug 2014 - 15:33

Feanwâlden hat der in nij natuergebiet by. De Klyndobbe bestiet út hast twahûndert bunder boerelân, dêr't natuer fan makke is. It gebiet is oanlein as ûnderdiel fan de ekologyske haadstruktuer, mar is ek tagonklik foar kuierders, lytse boatsjes en kano's. It nije natuergebiet is in ferbiningssône tusken de Grutte Wielen en de Swemmer en úteinlik it Lauwersmargebiet.

Ien fan de partners by de oanlis is Wetterskip Fryslân. Sy ha der in soad wurk fan hân, want it wetternivo moat hjir oars wêze as by it boerelân der fuort neist.

It bysûndere oan dizze nije natuer is dat it gebiet net beheard wurde sil troch it Fryske Gea of Steatsboskbehear, mar troch de boeren sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)