Nij natoergebiet by Earnewâld

04 jul 2014 - 19:30

Fryslân hat der in natoergebiet by: De 40-Mêd. It giet om 150 bunder petgatten en reidfjilden oan de noardkant fan Earnewâld, by de Lange Sleat. Der is 6 miljoen oan Europeesk en provinsjaal jild ynstutsen. Ien fan de wichtichste saken is de wetterbehearsing yn it ferdroegjende feangebiet.

Fierder hat Wetterskip Fryslân in fiskpassaazje oanlein tusken de Lange Sleat en natoergebiet De 40-Mêd, sadat de fisk it gebiet yn kin om te kûtsjitten. De petgatten binne troch dûkers mei mekoar ferbûn sadat de fisk yn it hiele gebiet komme kin.

It natoergebiet is foar in part tagonklik foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)