Nij muzyksintrum Hearrenfean

26 jul 2001 - 00:00

Der komt in nij multyfunksjoneel muzyksintrum op It Hearrenfean. It muzykbolwurk moat komme op yndustryterrein It Kanaal oan de noardkant fan it doarp. De inisjatyfnimmers wiene earst fan doel om allinnich oefenromtes yn it gebou te meitsjen, mar dat idee is no útwreide.

It is de bedoeling dat der ek in studio en in ferkeappunt foar muzykynstrumenten en -ûnderdielen yn komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)