Nij muzykprogramma 'Akoestyk'

13 jul 2008 - 15:19
  • Arjan Hut

'Akoestyk!' is in oerkoepeljende namme foar in programma mei muzyk en gedichten. Nei de suksesfolle 'Tsjerketour' yn 2007 sille de singer-songwriterduo's Ljoubjr út Winsum en Novelle en eardere stedsdichter Arjan Hut út Ljouwert fierder mei in nij programma.

Yn it programma wurde Fryske en Ingelske lietsjes en gedichten kombinearre mei âlde tsjerken en moaie Fryske doarpkes. Njonken tsjerken wurde diskear ek oare poadia besocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)