Nij muzykfestival yn Ljouwert

27 feb 2009 - 16:46

Yn juny wurdt yn Ljouwert in nij muzykfestival organisearre. It hyt Strings en duorret twa dagen. Doel is dat studinten fan de Nederlânske popmuzykskoallen meielkoar yn kontakt komme. Se kinne faninoar leare en leare op in poadium te stean.

It festival is in gearwurking tusken de Academie voor Popcultuur, Het Gitaar Instituut Friesland, Poppodium Romein en het Fries Popnet. Ek de Rotterdam Pop Academy en de Fontys Rockacademie út Tilburg dogge mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)