Nij museum oer de iistiid

03 nov 2005 - 17:29

De gemeente Achtkarspelen stekt 40.000 euro yn in iistidemuseum yn Bûtenpost. It nije museum moat op it terrein fan de botanyske tún De Krûdhôf komme. Yn it museum wurde bysûndere stiennen, mineralen en argeologyske saken útstald. Boppedat krijt it museum in edukative funksje.

De inisjatyfnimmers wolle foar de ein fan dit jier mei de realisaasje fan it museum út ein sette. It iistidemuseum kostet 150.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)