Nij multyfunksjoneel gebou iepen yn Berltsumer haven

20 jun 2015 - 11:03
  • It nije gebou by de Berltsumer passantehaven

De iisklup fan Berltsum hat freedtemiddei it 150-jierrich bestean feestlik iepene. Mei de iepening fan in nij multyfunksjoneel gebou wie it nochris dûbeld feest. It multyfunksjonele gebou efter de Bûterhoeke hat in nije passantehaven mei wâlstroom, in wetterfoarsjenning en in iepenbier húske. Foar de fytsers is der ek in elektrysk laadpunt.

It klupgebou hat in nije catering- en bestjoersromte, húske en opslachromte. Tusken it gebou en de iisbaan leit no in rubberen matte, sadat de redens net stomp wurde.

Neffens ponghâlder Hieke Joostema wie de feroaring bot nedich, omdat it plak in pear jier lyn noch in grutte wyldernis wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)