Nij MFS yn Warkum

15 mrt 2007 - 23:33

Op it plak fan sportkompleks De Rolpeal yn Warkum komt ien gebou mei ûnder oare romte foar alle skoallen, in nije sporthal en in nij swimbad. De fuotbalfjilden moatte ferhúzje nei in oar plak. De plannen dêrfoar wurde fierder ûndersocht.

De nije multifunksjonele akkommodaasje moat ek noch plak biede oan in grutte seal, as ferfanging foar kultureel sintrum De Klameare. De kosten wurde rûsd op 20 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)