Nij MFS De Westereen krijt de namme 'De Hege Seis'

11 sep 2015 - 13:55

It multyfunksjonele sintrum yn De Westereen is freed iepene. It gebou hat de namme 'De Hege Seis' meikrigen. Dat is in ferwizing nei de seis húskes dy't eartiids op ien fan de sânbulten by De Westereen stienen.

It gebou biedt plak oan ûnder oaren twa basisskoallen, in pjutteboartersplak, de bibleteek, de berne-opfang en ferskate sportferienings. Der sit ek in sportpark njonken it gebou. De bou hat goed in jier duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)