Nij MFC yn Surhuzum

04 feb 2006 - 17:15

Yn Surhuzum is freed in nij multifunksjoneel sintrum iepene. Der is alve jier oan wurke oan De Delfeart. Yn it gebou sit ûnder oare it doarpshûs, in muzykromte en in fergaderromte. Ek is der in plakje foar de jeugd.

It nije ûnderkommen is oan de gymsaal oanboud. It projekt hat goed fjouwer ton koste en is betelle troch de gemeente Achtkarspelen, de provinsje en troch it doarp sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)