Nij MFC yn Haulerwyk

05 jul 2004 - 15:31

Njoggen partijen yn Haulerwyk ha oerienstemming berikt oer de bou fan in multifunksjoneel sintrum (MFC) yn it doarp. Dat sil ûnderdak biede oan ûnder mear twa basisskoallen en de bibleteek. De finansiering fan it 4,8 miljoen euro kostjende sintrum gie net maklik. Ien fan de tûkelteammen wie it jeugdsintrum. De beskostiging derfân kaam mar kwalik rûn. Oer goed twa jier moat it nije multifunksjonele sintrum fan Haulerwyk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)